Slûzen wer gewoan betsjinne

24 jul 2011 - 09:47

It Wetterskip hat de maatregels by de Tsjerk Hiddes-slûzen yn Harns opheft. Dêr moasten skippen sûnt oardel moanne langer wachtsje, omdat de slûzen minder faak iepenset waarden. Fanwege de droechte soe der oars tefolle sâltwetter de provinsje yn streame.

Yntusken hat it safolle reint, dat it wetterpeil wer normaal is. De slûzen kinne dêrtroch wer gewoan betsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)