Gjin Toeten noch Blazen

De Museumhaven yn Ljouwert
It festival Toeten noch Blazen op 10 september yn Ljouwert giet net troch. De organisaasje hat gjin fergunning fan de gemeente krige. Op dyselde dei binne der folle mear eveneminten yn de stêd en it blaasfestival koe der net mear by. Toeten noch Blazen wie de lêste mei it oanfreegjen fan in fergunning en sadwaande foel dy ôf.
De organisaasje wol it takom jier wer besykje. Toeten noch Blazen is in evenemint mei blaasmuzyk yn de Museumhaven yn it sintrum fan Ljouwert.