Brêgen faak iepen foar 'Boat'

It ferkear Ljouwert en omkriten hat sneon flink wat lêst fan de brêgen dy't hieltyd iepengean foar de dielnimmers fan De Boat Giet Oan. De lytse 200 dielnimmende skippen farre fan Snits nei Ljouwert oer it PM kanaal, de Swette en de steande-mêst-rûte. De brêgen yn Ljouwert gean de hiele middei alle 10 minuten iepen.
Moandei fan 9 oere ôf sette de skippen wer ôf. Minsken dy't yn Ljouwert wurkje, wurdt oanret om foar 9 oere yn 'e stêd te wêzen.