Dronken ride, rydbewiis kwyt

Argyffoto Omrop Fryslân
De plysje hat freed rûnom yn 'e provinsje alkoholkontrôles hâlden. Yn twa gefallen hie in bestjoerder safolle drank op dat syn rydbewiis ynnaam waard. Dat wie by in 51-jierrige Dútser dy't pakt waard op de Rounwei yn Warten. Op de Reitsmastrjitte yn De Harkema waard in 19-jierrige ynwenner fan Koatstertille trapearre.
Neist dat se it rydbewiis ynleverje moasten, krigen de twa ek noch in proses-ferbaal.