'Tryste dei foar Noarwegen'

23 jul 2011 - 12:26

It is in tryste dei foar Noarwegen, seit Fries Sjoerd Paulusma dy't yn Noarwegen wennet. Yn it lân hearsket grutte fersleinens oer wat der bard is. Freed kamen by in eksploazje by it kantoar fan de Noarske presidint yn Oslo sân minsken om it libben. Eefkes letter wie der sjitterij op in eilantsje by Oslo. Dêr soene 84 jongeren by om it libben kaam wêze.

Der is in fertochte fan beide oanslaggen oppakt. It giet om in Noar (32) mei rjochts-ekstremistyske ideeën.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)