Aksjegroep tsjin sloop

23 jul 2011 - 11:24

Bewenners fan de West-Indyske buert yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de sloopplannen fan wenningkorporaasje Elkien. Dy wol 134 duplekswenten yn de wyk slope en ferfange troch nijbou.

It stekt de bewenners benammen dat Elkien allinne mei in wurkgroep út de West-Indyske buert oerleit. It is foar harren ûndúdlik wa't dêryn sitte. De bewenners hawwe dêrom in aksjegroep oprjochte. De wenten binne te goed om te slopen, fynt de aksjegroep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)