Ein Krite Grou driget

De kâns is grut dat de Krite Grou ophâlde moat. De kommisje, dy't de kulturele aktiviteiten organisearret, kin gjin nije bestjoersleden fine. Op dit stuit hat it bestjoer noch fiif leden, mar by de folgjende ledegearkomste nimme trije fan harren ôfskie.
Offisjeel hearre der sân minsken yn it bestjoer fan de Krite Grou te sitten. Neffens it bestjoer is der wol belangstelling foar de aktiviteiten dy't organisearre wurde.