Drinkeling op de Iselmar

22 jul 2011 - 20:20

De kustwacht hat freed op de Iselmar socht nei in man dy't fan in katamaran ôffallen wie. Under oare de rêdingsboaten fan Hylpen en Den Oever en de SAR helikopter fan definsje waarden ynset om de man te finen.

Nei in koarte syktocht waard it slachtoffer úteinlik wer fûn. Hy hat al mei al goed in oere yn it wetter lein en is mei ûnderkuollingsferskynsels oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)