"Blessueres troch heech gers"

22 jul 2011 - 07:47
  • Arveladze yn Aldegea (foto: VV Oudega)

It risiko op blessueres wie te grut. Dêrom woe de Turkse klup Kayserispor net spylje op it fjld fan VV Aldegea, woansdeitejûn. Dat seit trainer Arveladze freed yn de Telegraaf. De Turken lutsen har flak foar de oefenwedstryd werom, omdat se it gers te lang fûnen. Neffens VV Aldegea en fuotbalklup Telstar foel dat genôch ta.

Arveladze seit dat er teloarsteld is yn Telstar, dat him de swarte pyt jout. It gie him om syn spilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)