Hendrik Jan wer boppe wetter

De sleepboat Hendrik Jan fan de Grinslanner firma van de Rijet is weromfûn. De eigner fan de stellen boat socht de publisiteit, omdat er tocht dat de boat mooglik yn Fryslân wêze soe. Neidat dy twa wiken lyn stellen wie, like it derop dat it skip de kant fan Fryslân opfearn wie.
Tongersdei kamen ferskate tips binnen dy't úteinlik laat ha ta it finen fan de sleepboat. Hij lei yn in dearinnend stik wetter flakby de Súdlaardermar. En dus net yn Fryslân.