Modelauto's as kwasten

21 jul 2011 - 18:59

Yn parkeargaraazje it Saailân yn Ljouwert wurdt ein july in skilderij makke mei modelauto's. It is de bedoeling dat de auto's troch farve hinne ride en sa op in grut papier in skilderij meitsje.

It skilderij wurdt yn septimber ophongen yn de útrydhelling tusken de earste en de twadde ferdjipping fan de parkeargaraazje. Doel fan de organisaasje is om fan it Saailân wer in kultureel sintrum te meitsjen. It evenemint mei de namme 'Speed Paint' is ûnderdiel fan it gruttere projekt 'Leve het Zaailand'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)