Ilse Kraaijeveld net yn aksje

Ilse Kraaijeveld (foto: Omrop Fryslân)
Swimster Ilse Kraaijeveld fan Dokkum docht snein net mei oan de 4 x 100 meter frije slach op it WK yn Sjanghai. Dat meldt de NOS. Bûnscoach Jacco Verhaeren kiest derfoar om Kromowidjojo, Heemskerk, Veldhuis en debutante Van der Meer swimme te litten. Neffens Verhaeren soe noch in debutant yn de persoan fan Ilse Kraaijeveld gjin kâns op in plak yn de finale garandearje.
Nederlân ferdigenet snein de wrâldtitel op de 4 x 100 meter frij.