Kolonne histoaryske skippen

21 jul 2011 - 16:51

In kolonne fan hast seis kilometer histoaryske skippen fart fan 't wykein troch Fryslân. It evenemint 'De boat giet oan' ferwachtet mear as 50.000 besikers. Alle jierren organisearret de lanlike feriening ta behâld fan histoaryske bedriuwsfartugen in byienkomst. Dit jier is it foar it earst yn Fryslân.

Likernôch twahûndert âlde skippen farre sneon fan Snits nei Ljouwert. De float fan it boatspektakel kaam tongersdei oan yn Drylts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)