Nij kontrakt keeper Bizot

21 jul 2011 - 15:13

Cambuurkeeper Marco Bizot hat in nij kontrakt tekene by Ajax. De 20-jierrige Bizot wurdt dit seizoen troch Cambuur fan Ajax hierd. Syn kontrakt by de Amsterdammers rûn ein juny ôf. Mar Ajax hat him no fêstlein oant de simmer fan 2013.

Tagelyk mei de ûndertekening fan it nije kontrakt hat Ajax ek in akkoart sletten mei Cambuur oer de ferhier fan de keeper oant de ein fan dit seizoen ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)