'Stellen sleepboat yn Fryslân'

De stellen sleepboat
It bedriuw Van de Rijet BV út Wehe den Hoorn yn Grinslân freget Friezen út te sjen nei in stellen sleepboat. De boat is earne nei 2 july meinaam en dêrnei neffens de eigner rjochting Fryslân fearn. It giet om in wite boat mei in giele dakrâne. De boat is krekt wat langer as acht meter.
It bedriuw hat foar de finer of foar dejinge mei de gouden tip in bedrach klearlizzen fan tûzen euro.