Aldeberkeap krijt nij mfs

21 jul 2011 - 11:53
  • Aldeberkeap (foto: Omrop Fryslân)
  • By de ûndertekening: wethâlder Sierd de Boer en Jan Hesselink fan it mfs

Aldeberkeap kin no dochs in nij multyfunksjoneel sintrum bouwe. It kealle sa swier dat it doarp yn 2009 manmachtich nei de riedsgearkomste yn Easterwâlde kaam. Se woene sjen litte dat in nij sintrum echt nedich wie. It doarp hie gjin goede sportakkommodaasje en doarpshûs mear.

De gemeenteried fan Eaststellingwerf stimde yn mei de bou. It wachtsjen wie op it jild. Dizze moanne is in earste kredyt fan 175.000 euro beskikber steld. It sintrum kostet twa miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)