Newtonpark Ljouwert giet troch

21 jul 2011 - 10:40

De gemeente Ljouwert mei trochgean mei it nije bedriuweterrein Newtonpark IV súdwestlik fan de stêd. It wurk is al yn 2002 út ein set, mar fanwege de nije dyk de Heak om Ljouwert lei it jierrenlang stil. Beswiermakkers hiene de saak foar de Rie fan Steat brocht. Der is gjin ferlet fan ekstra romte foar bedriuwen, fine se. De Steatsrie jout de gemeente no gelyk.

De gemeente fynt de útspraak in opstekker is foar de ekonomyske ûntjouwing fan de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)