Jonkjes stiftsje klaaiboksbrân

21 jul 2011 - 10:17

Twa jonkjes hawwe ferline wike de brân feroarsake op in sportkompleks yn Aldeboarn. Dat hat de plysje bekend makke. By de brân giene twa klaaiboksen ferlern. De plysje kaam de jonkjes op it spoar nei tips fan tsjûgen. Dy hienen sjoen dat de bern mei fjoerwurk boarten. De skea sil nei alle gedachten troch de âlden fan 'e jonkjes fergoede wurde.

De klup hat noch gjin plannen foar nije klaaiboksen. Freed wurdt mei in ekspert besjoen wat der mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)