Lastminute-prik op Eelde

21 jul 2011 - 09:54

Reizgers kinne fan no ôf ynformaasje en in faksinaasje fan de GGD krije op fleanfjild Eelde. De organisaasje hat him dêr tongersdei ynstallearre.

Fakânsjewille kin bedoarn wurde troch sykte op it fakânsje-adres of sykte letter dy't toeristen dêr skipe hawwe. De problemen komme troch ferkeard iten of drinken of troch baktearjes. Yn lannen lykas Turkije, Kroäsië en Egypte is it risiko op siik wurden oanwêzich. Troch de tips kinne fakânsjegongers dat tsjingean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)