App foar medyske gegevens

20 jul 2011 - 20:47

In pasjintedossier wêrby't de pasjint sels beslisse kin wat deryn stiet. Dat is it idee fan de nije applikaasje foar de mobile telefoan 'MedDossier'. De applikaasje is betocht troch fjouwer Fryske soarchynstânsjes.

Yn de applikaasje kinne ambulânsemeiwurkers sjen wat de medyske skiednis fan in persoan is. De bloedgroep, allergyen en kontaktgegevens kinne der allegeare yn set wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)