Troch korporaasje op fakânsje

Hierders kinne in wike fergees op fakânsje
Wenningkorporaasje Elkien fan It Hearrenfean stelt wenningen beskikber as fakânsjehûs. Minsken dy't fanwege de sûnens, de finansjele situaasje of oare omstannichheden net mei fakânsje kinne, meie gebrûk meitsje fan de huzen.
Elkien hat mei korporaasjes út Apeldoorn en Seelân it projekt opset. Fjirtjin Fryske gesinnen binne selekteard. Sy kinne fan 't simmer in wike fakânsje fiere yn Apeldoorn en Burgh Haamstede.