Geert Arend Roorda bliuwt wol

Geert Arend Roorda bliuwt dochs by SC Hearrenfean. Dat hat de klup woansdei op de webside bekend makke. Roorda (23)stie yn de belangstelling fan it Belgyske Standard Luik. Roorda hie al foar de medyske keuring west. Neffens betroubere berjochten wiene klups en spiler al ta in oerienstimming. Oft dy no ôfketst is troch de medyske keuring is net dúdlik.
Roorda hat altyd sein dat er him op de Fryske klup rjochtet, mar dat er iepen stie foar wat bysûnders as Luik.