Bettere ûntfangst radio Omrop

20 jul 2011 - 16:55

De ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio wurdt wer better. Dat sil nei alle gedachten woansdeitejûn te fernimmen wêze. De frekwinsjes fan Radio 1, 2, 3 en 4, dy't op de needstjoerders by Tsjerkgaast sitte, binne woansdeitemiddei feroare. De ferwachting is dat it berik fan Omrop Fryslân Radio dêrtroch better wurdt.

De ôfrûne dagen kamen der klachten út de omkriten fan Tsjerkgaast oer de minne ûntfangst fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)