Liften by stasjon Ljouwert

20 jul 2011 - 16:33

It stasjon fan Ljouwert krijt twa liften. De liften komme oan de súdkant fan it stasjon, sadat ek minsken dy't net de trap op en ôf kinne ûnder it spoar troch kinne. Mei de trep kinne besikers fan de súdkant ôf no op it perron komme troch ûnder it spoar troch te gean.

Prorail lit de liften bouwe. It is net dúdlik hoefolle de ynvestearring kostet. De liften, ien oan de iene kant fan it spoar en ien oan de oare kant, moatte healwei 2012 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)