Jild foar âlde Fryske tsjerken

20 jul 2011 - 16:01
  • Yn dizze plakken wurde de tsjerken opknapt

Mear as de helte fan de tsjerken yn behear by Stichting Alde Fryske Tsjerken kinne opknapt wurde. De stifting hat 39 tsjerken en foar 23 dêrfan hat de stichting fan ferskate fûnsen jild krigen.

De tsjerken moatte nedich opknapt wurde. Mei it jild fan fûnsen lykas de Ottema-Kingma Stichting en ryksjild kin dat dien wurde. It wurk begjint yn septimber. Foar restauraasje fan de oare tsjerken wurde noch fûnsen socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)