Net earmerke skiep is strafber

20 jul 2011 - 14:55

It net earmerken fan de skiep fan biologyske boeren Henk Brandsma fan Boalsert en Thom de Groot fan Grou is strafber. Dat is de útspraak yn de heger beropsaak fan it hôf tsjin beide manlju. Dochs krije se gjin straf.

It gerjochtshôf fynt in straf net terjochte om't de boeren de saak út prinsipiële oerwagings oan de rjochter foarlein ha. De behanneling fan de saak duorre ek te lang. De útspraak fan de rjochtbank wie al yn 2007. Ek doe krigen se gjin straf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)