Stasjon Ljouwert moat feiliger

20 jul 2011 - 13:35

Prorail stekt 100.000 euro yn it ferbetterjen fan de feiligens op it treinstasjon fan Ljouwert. Ut ûndersyk docht bliken dat 50 prosint fan de reizgers har jûns en nachts net feilich fiele op it stasjon om't it der tsjuster is.

Mei it ophingjen fan nije ferljochting hopet Prorail dat gefoel fuortnimme te kinnen. Der komt ek in grut keunstwurk te hingjen om in nofliker gefoel te kreëarjen. It projekt moat yn okober klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)