Himpkwekerij Bontebok oprôle

Op in fakânsjepark by Bontebok is tiisdei in hennepkwekerij oprôle. Yn de kwekerij stiene 180 grutte planten en 4200 stekjes.
By de ynfal krige de plysje de tip dat yn in oare wenning op it park ek in kwekerij wêze soe. Der binne gjin planten fûn, wol in objekt dat op in hângranaat like. De Explosieven Opruimings Dienst is ynskeakele om it objekt te ûndersykjen. It wie yndie in hângranaat. Der is ek in pistoal fûn. Der binne trije manlju oanhâlden.