Man fertocht fan ynbraak

In Ljouwerter (33) is tiisdeitenacht oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan ynbraak yn in bedriuw oan de Plutowei yn de stêd. De plysje seach dat it rút by de foardoar ynslein wie. By it rút en ek binnen fûn de plysje bloed.
Doe't se dêrnei nei de earste help fan it MCL giene, troffen se in man oan mei ferwûnings oan syn hân. Hy koe net útlizze hoe't er dêr oankaam. De man waard ek socht foar in oar misdriuw. Hy is meinaam nei it buro.