Protest sluting kazerne

De aksje fan de brânwacht (foto: D. Stoelwinder)
Yn Nijhoarne is tiisdeitejûn aksjefierd troch de brânwacht, tsjin mooglike sluting fan de kazerne yn it doarp. Troch nije regels mei de branwacht yn it bûtengebiet der langer oer dwaan om by in brân te wêzen. Dêrtroch wurdt de kazerne fan Nijhoarne mooglik oerstallich.
It korps yn it doarp is it dêr net mei iens. Neffens de frijwilligers fan de brânwacht ûntstiet der in gefaarlike sitewaasje yn it doarp, as de kazerne tichtgiet.