Swimbad Westereen bliuwt iepen

19 jul 2011 - 21:56
  • Protest by de gearkomste

Swimbad De Frosk op De Westereen bliuwt iepen. De gemeenteried fan Dantumadiel hat dat tiisdei unanym besletten. Twahûndert aksjefierders út De Westereen reizgen mei bussen nei it gemeentehûs.

Fanwege besunigings drige it bad sluten te wurden, mar dat soarge foar in soad argewaasje op De Westereen. Twa wike lyn kamen de gemeente en oernamekandidaat Conegroup ta in nij akkoart: Foar 8 ton hâldt it bedriuw it bad tsien jier iepen foar swimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)