Jild foar nij sinnepaniel

19 jul 2011 - 18:51

It bedriuw MG Electronics yn Ljouwert krijt in subsydzje fan goed 130-tûzen euro fan de provinsje, om sinnepanielen te ûntwikkeljen dy't mear enerzjy leverje. De fraach nei panielen mei in heech rendemint is grut, sa seit de provinsje.

Fierder is der ek ferlet fan panielen dy't tinner en sterker binne. De provinsje hellet de subsydzje út de pot foar fernijende projekten. Ek de Europeeske Uny en it SNN betelje dêr oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)