Fryske bouwer foar kazerne

19 jul 2011 - 16:44

Bougroep Dijkstra Draisma mei de nije brânwachtkazerne oan de Aldlânsdyk yn Ljouwert bouwe. It giet om in bedrach fan 6 miljoen euro. De bou moat yn oktober begjinne. Dijkstra Draisma krige de opdracht nei in Europeeske oanbesteging.

Neffens in wurdfierder hat it bedriuw noch wol aardich wat wurk. Sa hat Dijkstra Draisma ek de bou fan de brede skoalle fan Grou en Akkrum binnenhelle. By Dijkstra Draisma wurkje sawat 300 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)