Fertraging op de A32
Ferkear op de A32 rjochting Fryslân moat der rekken mei hâlde dat de dyk tusken Havelte en Stienwyk ôfsletten is. Dat komt troch in deadlik ûngelok: de bestjoerder fan in meantrekker is ferûngelokke nei in oanriding.
Ferkear wurdt omlaat rjochting Wolvegea. It is noch net dúdlik hoe lang de dyk ôfsletten bliuwt.