Boekebeam toch omkapt

19 jul 2011 - 16:15

De reade boekebeam foar it museum Princessehof yn Ljouwert wurdt dochs omkappe. De gemeente fynt dat needsaaklik fanwege de feilichheid. De beam is ûnstabyl, omdat der swam yn sit. By eardere plannen kaam der grut ferset op gong.

Nije wike moandeitemoarn giet de bile der yn. Op it plak fan de monumintale reade boekebeam wurdt in nije beam plante. Dat wurdt ien mei in trochsnee fan 10 sentimeter, sadat it iepenfallen gat gau wer fol groeit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)