NK reedriden ferpleatst

19 jul 2011 - 15:57

De Nederlânske kampioenskippen reedriden foar allrouders binne ferpleatst nei 4 en 5 febrewaris 2012. Dat hat it reedrydbûn KNSB bekend makke. It kampioenskip dat hâlden wurdt yn Thialf stie pland foar 29 en 30 desimber.

It NK sprint is ek ferskood fan 17 en 18 desimber nei 29 en 30 desimber. Dat kampioenskip wurdt ek yn Thialf hâlden yn stee fan yn Grins sa as oant no ta it plan wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)