Libregts fuort by Hearrenfean

Raymond Libregts ferlit Sportklup Hearrenfean. Se binne it iens wurden oer ûntbining fan it kontrakt per 1 augustus 2011. Dêrmei is in arbitraazjesaak fan de baan. Libregts kaam ferline jier as assistint-trainer tegearre mei Ron Jans oer fan FC Grins.
Neffens Libregts wie it in muoisum proses om der út te kommen: "Het heeft me veel energie gekost en ik heb nog altijd moeite met de beslissing." Hy hie hiel graach by SC Hearrenfean bliuwe wollen.