Keatsen moat bliuwe sa't it is

19 jul 2011 - 12:49

De spulregels fan it keatsen moatte net feroarje en federaasjes moatte in gruttere rol krije binnen it keatsen. Mear regionalisaasje en minder wedstriden op de aginda. Dat binne in pear konklúzjes út in businessplan dat âld-topkeatser Tjisse Wallendal oanbean hat oan de KNKB. Dat bûn moat neffens dat ûndersyk mear serviceferlienend wurde.

Yn grutte halen sit it keatsbûn KNKB al op dy line. Dochs is foarsitter Sipke Saakstra wol bliid mei it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)