Keatsbestjoerders op kursus

Der komt in kursus foar keatsbestjoerders. Riemer van der Velde, Joop Alberda, Tjisse Wallendal en Toon Gerbrands sille dy training fersoargje. It is in idee fan bûnscoach Tjalling van den Berg.
It keatsbûn sil sa'n 20 keatsbestjoerders útnoadigje foar de oplieding. Neffens Van den Berg is it hurd nedich, omdat guon bestjoerders gjin goeie leiderskwaliteiten ha.