Hearrenfean wer yn kategory 2

19 jul 2011 - 12:20

Sportklup Hearrenfean is troch it fuotbalbûn op basis fan de begrutting foar it kommende seizoen wer yndield yn kategory twa. Dat hâldt yn dat de KNVB de finansjele situaasje fan Hearrenfean as foldwaande beoardielt, mar dat it noch wol better kin.

Hearrenfean wie altyd ien fan de klups dy't yn de finansjele sûne kategory trije siet, mar sûnt ferline seizoen hat de KNVB Hearrenfean weromset nei twa. Moandei waard bekend dat Cambuur fan kategory ien nei twa pleatst is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)