Untfangst noch net ynoarder

19 jul 2011 - 12:19

It is noch folslein ûndúdlik hoe lang oft de swierrichheden mei de ûntfangst fan de publike radiostjoerders yn Fryslân duorje sille. Alle stjoerders binne wol wer te ûntfangen, mar de kwaliteit is noch net optimaal. De problemen ûntstiene ferline wike troch brân yn de stjoermêst fan Hoogersmilde. De toer stoarte nei de brân foar in part yn.

De KPN is drok dwaande om alles wer foar elkoar te krijen, mar kin net sizze hoe lang't it noch duorret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)