Megatransport troch Fryslân

19 jul 2011 - 10:43

It bedriuw Mammouth hat tiisdei in 53 meter lange transportbrêge fan 200 ton op transport setten. It gefaarte is makke troch konstruksjebedriuw Visser út Feanwâlden en wurdt de kommende dagen nei de Coenhaven yn Amsterdam sleept. De brêge is makke yn de loads yn Feanwâlden, mar ynelkoar set op de Burgumerdaam yn Burgum.

De opdrachtjouwer is sa tefreden dat Visser al wer in nije oarder krigen hat. De opdracht kin útfierd wurde mei de besteande besetting fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)