Thewis Hobma kening yn Burgum

19 jul 2011 - 09:09

Thewis Hobma fan Easthim is moandei winner wurden fan it Keningsljeppen yn Burgum. Hobma wie de bêste yn de finale mei in sprong fan 20.09 meter. Dat wie net de fierste sprong fan de jûn. Dy kaam op namme fan Burgumer Bart Helmholt mei 20.48 meter.

De sprong fan Helmholt wie de fierste dit seizoen yn Nederlân. Mar hy waard hjirmei gjin kening omdat hy de ôfstân yn de foarronde sprong. By it keningsljeppen begjinne alle finalisten wer mei in skjinne laai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)