Hiele kust fêstlein op doek

18 jul 2011 - 15:57

Keunstner Margreet Boonstra fan Boarnburgum is útkeazen foar it projekt "Kustwerken". Mei dat projekt wurdt de folsleine Nederlânske kust fêstlein yn 125 skilderijen fan 2,5 by 0,5 meter. Neist in groep fêste keunstners is der ek yn elke provinsje romte foar ien lokale keunstner. Trije Fryske keunstners giene dêrfoar moandei it waad op om Harns op it doek fêst te lizzen.

Woansdei sil se fan de Noardsee ôf de boppekant fan Skylge skilderje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)