Boalserter jonkje noch krityk

18 jul 2011 - 14:42

It 3-jierrige jonkje út Boalsert, dat foarige wike swier mishannele waard, leit noch hieltyd yn soarchwekkende tastân yn it UMCG yn Grins. Syn tastân is stabyl, de dokters hâlde him yn koma. It foararrest tsjin syn 23-jierrige mem en har freon fan 22 is mei 14 dagen ferlingd.

Op 27 july beslút de riedskeamer yn Ljouwert oft it arrest wer ferlingd wurdt. De twa wurdt poging ta deaslach en swiere mishanneling te'n leste lein. It ûndersyk is yn folle gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)