Iten Nij Smellinghe bekroand

It restaurant fan sikehûs Nij Smellinghe is troch it Keurmerk Veilig Voedsel bekroand as bêste restaurant fan soarchynstellings fan Nederlân. It restaurant foldocht oan alle easken fan de warewet op it mêd fan hygiëne en fiedselfeilichheid.
It restaurant is tagonklik foar pasjinten, besikers, meiwurkers fan it sikehûs en wa't der fierder ek mar in hapke ite wol. It restaurant wurdt eksploitearre troch it sikehûs sels en der wurkje tolve meiwurkers.