Reinwetter test foar Sjûkelân

18 jul 2011 - 12:11

It nije drainaazjesysteem op it Sjûkelân liket fertuten te dwaan. Oan de bûtenkanten fan it fjild binne lytse plassen, mar yn it midden is it fjild droech.

Nei de wetteroerlêst fan ferline jier by de PC waard in nij drainaazjesysteem oanlein. Foar de behearders fan it Sjûkelân yn Frjentsjer foarmet it reinige waar in goeie omstannichheid om te testen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)