Tribune by SKS yn Langwar
Op tongersdei 4 augustus wurdt foar it publyk fan it SKS-skûtsjesilen by de Langwarder Wielen foar it earst in tribune boud. It giet om in inisjatyf fan de Stichting Skûtsjes Doniawerstal.
De tribune komt njonken it rekreaasjegebou by it strantsje en is bedoeld foar de donateurs fan it Langwarder skûtsje. Op de tribune is plak foar goed 300 minsken.