Flinke besunigings by Philips

18 jul 2011 - 10:02

Elektroanikabedriuw Philips wol de kommende tiid 500 miljoen euro besunigje. Neffens it fakbûn FNV kostet dat it bedriuw hoe dan ek in flink tal banen. Yn Nederlân wurkje by Philips 12.000 minsken, wêrfan 2000 yn Drachten.

Oft ek yn Drachten minsken har baan ferlieze sille troch de besunigings is neffens it fakbûn noch net te sizzen. Philps moat flink besunigje troch de ôffallende sifers oer it earste healjier fan 2011.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)