Rekonstruksje misdriuw Snits

De plysje makket tiisdei yn gearwurking mei it programma Opsporing Verzocht in rekonstruksje yn de Wijde Noorderhorne yn Snits. It giet om in rekonstruksje fan in slim misdriuw begjin july. Dêrby waard in man út Eindhoven mei in bile slein.
It slachtoffer en de fertochte hiene spul krigen wêrop't de fertochte in bile út syn auto helle dêr't er de man út Eindhoven mei sloech. Yn ferbân mei de rekonstruksje wurdt de Wijde Noorderhorne tiisdeitemoarn ôfsletten.